Folkert Sierts - Winsum (Grinslân) 1948 - libbet en wurket yn Grins. Hy studearre oan de keunstakademy Minerva en oan de Ryks Universiteit Grins. Sûnt 1979 is hy byldzjend keunstner. Fan 2002 ôf is hy dichter en skriuwer yn it Grinslânsk en fan 2009 ôf ûntsteane soms gedichten yn it Dútsk.

Al in protte jierren is syn wurkgebiet de abstrakte fotografy. Hy sammelet byldmateriaal, dat dêrnei analooch en digitaal bewurke wurdt. It is boartsjen mei de mooglikheden fan de technyk en de byldeleminten. Der ûntsteane byldzjende foarstellings dy't neat mear te krijen hawwe mei de deistige wurklikheid. Syn foto's hoege net skerp te wêzen. Fage foarmen kinne op ferskillende wizen útlein wurde. Elk sjocht wat oars! Dat by him gjin foto's dy't yn kranten en tydskriften te sjen binne. Kleur hat altyd belangryk foar him west. De lêste tiid lykwols komt swart-wyt yn syn wurk hieltiten faker foar.

Yn syn gedichten besiket hy op deselde wize as yn syn fotografy dwaande te wêzen, en wol op syn eigen boartlike wize fan wurkjen. Yn fergeliking mei syn fotografysk wurk steane syn gedichten tichter by de deistige wurklikheid. Syn ûnderwerpen binne: leafde, dea, natuer, taal, tekens, ... Bylden wurde ûntliend oan wat er belibbet en sjocht, oan syn dromen, oan de Bibel, oan de keunst, oan de keunstskiednis! En soms kin him samar wat spontaans út it hert ûntstean. <<